Lucas Bijker net fierder by SC Hearrenfean

26 apr 2017 - 10:41

Fuotballer Lucas Bijker en SC Hearrenfean nimme nei it rinnende seizoen ôfskied fan mekoar. Neffens technysk manager Gerry Hamstra ha der goede petearen west tusken Bijker en de fuotbalklup. Bijker hat deryn oanjûn dat hy nei dit seizoen graach yn it bûtenlân fierder wol. Bijker kaam yn 2015 fan SC Cambuur en spile oant no ta 59 wedstriden foar SC Hearrenfean.

(advertinsje)
(advertinsje)