Lintsjerein yn Fryslân: dizze Friezen binne ûnderskieden

26 apr 2017 - 11:30

88 Friezen ha woansdei in lintsje krigen. Neffens tradysje wurde op de dei foar Keningsdei de lintsjes útrikt. Mei elkoar binne 82 Friezen beneamd as lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau en 6 Friezen binne sels beneamd as ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Noch mear sifers: by de keninklike ûnderskiedingen binne 28 froulju en 60 manlju.

Bekende Friezen

In pear bekende nammen binne Age Veldboom (64) fan Aldegea, fan it Skûtsjemuseum en reedrydman en Flylanner Jan Houter (73). Undernimmer Geesje Duursma (44) fan Burgum is beneamd as ridder. Sy is tagelyk ek de jongste. De âldste is Jikke Oord (88) fan De Gordyk. De measte kâns op in lintsje meitje minsken dy't boppe de 60 en 70 jier binne, mei elkoar is dizze groep goed foar 65 fan de 88 lintsjes.

Drokte yn Súdwest-Fryslân

Yn de gemeente Súdwest-Fryslân binne de measte lintsjes útrikt: 15. Yn Achtkarspelen, De Fryske Marren en Smellingerlân wie it ek drok mei elk acht ûnderskiedingen. Opfallend wie it grutte tal op de Waadeilannen: Skiermûntseach (5), Skylge (5) en Flylân (2). Mar yn twa Fryske gemeenten wie der neat te rêden, dat wie yn Littenseradiel en op It Amelân.

Sjoch hjir it folsleine oersjoch fan alle minsken dy't in lintsje krigen ha.

Op it kaartsje steane, yn gearwurking mei de Leeuwarder Courant, alle lintsjes oanjûn mei dêrby de fertsjinsten en prestaasjes fan de lintsjedragers.

Trefwurden: 
lintsje lintsjerein
(advertinsje)
(advertinsje)