Yn Fryslân 88 keninklike ûnderskiedingen

26 apr 2017 - 09:49
Foto: ANP

Yn Fryslân wurde woansdei by de tradisjonele lintsjerein 88 minsken ûnderskieden. Fryslân krijt der seis ridders yn de Oarder fan Oranje-Nassau by en 82 leden yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Dat binne der mei-elkoar krekt wat minder as ferline jier. Doe krigen 93 minsken in ûnderskieding.

Om healwei tolven ferskynt in oersjoch fan de minsken dy't ûnderskieden wurde. Mear omtinken dêrfoar is der ek op de radio, om tolve oere yn No yn Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)