Petysje keallestjerte wurdt woansdei oanbean

Yn febrewaris fan dit jier wie der opskuor oer it nijs dat ien op de sân keallen it earste libbensjier net oerlibbet. It giet jierliks dan om sa'n 350.000 keallen. De aksjegroep Dier en Recht jout de skaalfergrutting yn de melkfeehâlderij de skuld. Dêrtroch soe der minder oandacht foar it wolwêzen fan de bisten wêze.
De aksjegroep rôp yn in petysje suvelkoöperaasje FrieslandCampina op om hjir wat oan te dwaan. Dy petysje is 41.000 kear tekene en wurdt woansdeitemoarn oanbean oan FrieslandCampina en lânbou-organisaasje LTO.