EBLT freget by ynformateur omtinken foar minderheidstalen

Ynformateur Edith Schippers © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
It Europeesk Buro foar Lytse Talen freget it nije kabinet wurk te meitsjen fan beskerming en befoardering fan it Frysk en it Nedersaksysk. Dêr freget it EBLT omtinken foar yn in brief oan ynformateur Edith Schippers. It brief is opsteld yn trije talen: It Nederlânsk, it Frysk en it Nedersaksysk.
Yn Nederlân is sûnt 1998 it Hânfest foar Regionale en Minderheidstalen fan krêft. Mar de Nederlânske steat libbet dat net goed nei. De Ried fan Europa hat de neilibbing fiif kear kontrolearre. It lêste tige krityske rapport, wie yn desimber 2016.
Benammen mei it Frysk yn it ûnderwiis en de rjochtspraak nypt it. De taal is boppedat fierste min sichtber. It EBLT seit meitinke te wollen oer hoe't it better kin, Sa kin Nederlân in foarbyld nimme oan Dútslân dêr't in senior politikus (de 'Minderheitenbeauftragte') de taak hat it neilibjen fan it Hânfest en it belied op it mêd fan minderheidstalen yn de gaten te hâlden. By it EBLT binne sa'n 21 organisaasjes oansletten dy't opkomme foar de minderheidstalen Frysk, Nedersaksysk en Papiamentu.