Lintsje foar Geke Postma (75) fan Sint-Anne

25 apr 2017 - 21:26

De 75-jierrige Geke Postma fan Sint-Anne hat tiisdeitejûn in lintsje krigen foar ûnder oare har wurk foar de Stichting Ons Bildt. Se waard beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Frou Postma rjochte de stichting yn 1980 mei op en siet 37 jier yn it bestjoer. Se sette ek boeken, toanielstikken en gedichten oer nei it Biltsk.

Behalve foar de Stichting Ons Bildt wie se ek aktyf as ynstekster by toanielferiening Excelsior en mear as tritich jier bestjoerslid fan de begraffenisferiening yn Sint-Anne. Dêr is se yn 2015 mei ophâlden, mar se makket noch wol altyd de aula skjin.

(advertinsje)
(advertinsje)