Oanriding mei scooter: wurkstraf en rydûntsizzing easke

25 apr 2017 - 20:49
De rjochtbank yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Tsjin in ynwenner fan 29 út Garyp is hûndert oeren taakstraf en in rydûntsizzing fan fiif jier easke. De man hat yn oktober 2015 op in krúspunt yn Burgum mei de auto in 17-jierrige scooterrider oanriden. De swiere eask hat te krijen mei it ferline fan de man. Hy is al twa kear feroardiele fanwege mear as 50 kilometer te hurd riden. By dit ûngelok ried er ek fierstente hurd. It slachtoffer rekke swier ferwûne. Hy is yn it UMCG mear as in wike yn sliep hâlden.

De rjochter docht op 9 maaie útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)