Asbest fan brân yn Lippenhuzen net ferspraat

Brân Lippenhuzen © CAMJO media
It asbest dat tiisdeitemoarn frijkaam is by de brân yn in lisboksstâl yn Lippenhuzen is allinnich delkommen op it hiem fan de pleats. Dat hat de gemeente Opsterlân bekend makke.
Yn de lisboksstâl stiene sa'n 50 kij, dy koene wol út de stâl helle wurde, mar moasten letter ôfmakke wurde, omdat se reek binnen krigen hiene. De stâl is ferlern gien, de brânwacht koe it wenhûs behâlde.