Marit Bouwmeester twadde nei earste race yn Hyères

25 apr 2017 - 20:42

Olympysk kampioene Marit Bouwmeester út Warten is tiisdei by de earste race fan de wrâldbekerwedstriid yn it Frânske Hyères twadde wurden. Se komt út yn de klasse Laser Radial.

Foar de twadde race hat Bouwmeester besletten net mei te dwaan. Dêrom stiet se no op it 29e plak yn it klassemint. Neffens har coach Roelof Bouwmeester is Marit fysyk noch net wêr't se wêze moat en dêrom kieze se foar in rêstige opbou fan it seizoen.

(advertinsje)
(advertinsje)