Famylje organisearret draafevenemint Mûzelloop

Nei moannen fan tarieding giet woansdeitejûn de earste Mûzelloop fan start. De hurdrinnerij troch en om Jirnsum is bysûnder om't dy folslein regele is troch ien famylje. Soan Douwe van der Bij hat mei syn heit en mem it evenemint opset. Hy docht it foar syn oplieding. Heit en mem hiene it idee fan in draafevenemint eins al langer.
Doel is om likernôch twahûndert hurddravers 5, 8 of 10 kilometer drave te litten mei start en finish by de Twa Gemeenten yn it doarp. Der wurdt draafd yn de omkriten fan it wetterke De Mûzel. Mocht it in súkses wurde, dan binne se fan doel takom jier in twadde edysje te hâlden.