Provinsje past lânboubelied oan om boeren te helpen

25 apr 2017 - 19:55

De provinsje komt mei in tuskentiidske oanpassing fan it lânboubelied. Dat is nedich omdat de posysje fan de boeren de lêste twa jier bot feroare is. Troch it ôfskaffen fan it molkkwotum hawwe boeren manmachtich fee kocht wêrtroch't folle mear dong produsearre is as tastien. Dêrneist is der folle mear molke op de merk kaam, wat laat hat ta in legere molkpriis.

Deputearre Johannes Kramer wol mear ta op grûnbûne lânbou. Dat is in lykweardige ferdieling tusken grûn en fee. Hy wol fierders ta op in bettere ferbining tusken ekonomy en ekology. Ek wol er mear biodiversiteit, om it probleem fan ferskraling fan it lânskip te ûnderfangen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)