Vermilion: "Risiko's gaswinning Rottum lytser as yn Grinslân

25 apr 2017 - 16:50

Gasbedriuw Vermilion fynt it in útdaging om mei minsken yn de omkriten fan Rottum te praten oer de plannen foar gaswinning yn dat gebiet. Vermilion wol takom jier in proefboarring dwaan om te sjen oft der genôch gas yn de grûn sit. It bedriuw begrypt dat minsken soargen hawwe oer de plannen. Mar de risiko's fan de gaswinning binne hjir hiel oars en folle lytser as yn Grinslân, dêr't in soad skea ûntstien is, seit Vermilion.

By de proefboarring by Rottum binne trije gemeenten belutsen: Hearrenfean, De Fryske Marren en Weststellingwerf. It gasfjild leit ûnder de grûn yn de gemeenten Hearrenfean en De Fryske Marren. En Vermilion wol in boarynstallaasje bouwe by Nijlemmer, wat yn Weststellingwerf leit.

Trefwurden: 
gaswinning Vermilion Rottum
(Advertinsje)
(Advertinsje)