Langsweagemers meie meibepale wêr't telefoanmêst komt

25 apr 2017 - 15:55
De Boenders by Langsweagen - Foto: Google Streetview

Ynwenners fan Langsweagen hawwe sels mei útmeitsje kinnen wêr yn it doarp in antennemêst komt foar mobile telefony. De gemeente Opsterlân hat dêr it inisjatyf foar naam.

Pleatslik Belang hat ek meipraat en ynwenners krigen in enkête. Trijekwart fan de minsken dy't de list ynfolle hawwe, fynt it prima dat yn it doarp in antennemêst komt. De helte fan harren wol him it leafste benoarden de sportfjilden hawwe, yn it boskje oan de Boenders. De gemeente Opsterlân hat dêr no in fergunning foar jûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)