Utrecht krijt Le Roy-tún nei Feanster foarbyld

25 apr 2017 - 15:21
Ekokatedraal fan Louis le Roy yn de bosken by Mildaam - Foto: Frits J. Mostert

De Utrechtse wyk Leidsche Rijn krijt in Le Roy-tún, sa't dy yn de jierren sechtich ek oanlein is op It Hearrenfean. Yn de tún komme oertallige strjitstiennen en stoeptegels, krekt as yn de Le Roy-tún oan de Kennedylaan op It Hearrenfean. Acht keunstners út binnen- en bûtenlân wurkje der oan mei. En buertbewenners wurde der ek by belutsen. De Le Roy-tún is bedoeld as in wurkpleats dêr't lange tiid de prosessen tusken minsk en natuer bestudearre wurde.

Neffens itselde konsept fan Louis le Roy is yn de jierren santich de ekokatedraal yn de bosken by Mildaam oanlein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)