Omrop TIP: de knokploegen yn WOII

12 maaie 2017 - 06:28

Yn de Twadde Wrâldoarloch fûnen tûzenen ûnderdûkers in feilich hinnekommen by Fryske famyljes: Joaden, alliearde piloaten, fersetsminsken en manlju dy’t wegeren om te wurkjen yn de Dútske oarlochsyndustry. Fryslân DOK rekonstruearret yn in trijelûk de ûnderdûkhelp oan dy minsken. Mei ek in bysûndere ûntdekking. Want fûn ûnderdûk altyd wol yn it djipste geheim plak?

Knokploegen

Yn ôflevering trije  stean de knokploegen sintraal. Soargen yn it noardlike en eastlike part fan Fryslân foaral belestingynspekteurs foar de oanfier fan iten en de finansiering fan de ûnderdûkhelp. Yn it súdwesten diene benammen knokploegen dat, troch oerfallen op distribúsjekantoaren, gemeentehuzen en suvelfabriken. De meast aktive knokploech operearre fan út Skearnegoutum, dat troch de Dútsers it Terroristendorf neamd waard.

Fryske doarpen

Der bestiet al jierren in byld dat ûnderdûke altyd yn it grutste geheim plakfûn. Ut dizze dokumintêrerige docht bliken dat, dat hielendal net it gefal wie. Benammen yn de Fryske doarpen wist it hiele doarp wol wêr’t de ûnderdûkers sieten. In soad minsken droegen harren stientsje by en dus ûntstie der in grutskalige yllegale ûnderdûkmaatskippij.

De Fryslân DOK dokumintêre ‘Underdûkt yn Fryslân, diel 3’ is op snein om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. De dokumintêre is ek te sjen op NPO 2 op sneon om 15.30 oere en snein om 13.00 oere.

(advertinsje)
(advertinsje)