Omrop TIP: Hoe't it ûnderdûken finansiere waard yn WOII

05 maaie 2017 - 06:23

Yn de Twadde Wrâldoarloch fûnen tûzenen ûnderdûkers in feilich hinnekommen by Fryske famyljes: Joaden, alliearde piloaten, fersetsminsken en manlju dy’t wegeren om te wurkjen yn de Dútske oarlochsyndustry. Fryslân DOK rekonstruearret yn in trijelûk de ûnderdûkhelp oan dy minsken. Mei ek in bysûndere ûntdekking. Want fûn it ûnderdûken altyd wol yn it djipste geheim plak?

Finansiering fan it ûnderdûken

De twadde ôflevering fan dit trijelûk giet oer de unike posysje dy’t de Fryske belestingtsjinst ynnaam by de finansiering fan it grutskalige ûnderdûken. Under lieding fan haad-belestingynspekteur Jan Evenhuis fan Ljouwert slûze it personiel fan Fryske belestingkantoaren miljoenen gûnen belestingjild troch nei it ferset foar de help oan ûnderdûkers. De arrestaasje fan syn dochter Jeanne, sil Jan Evenhuis en in grut part fan it Fryske ferset úteinlik de kop kostje. Mei syn pakesizzer Hugo Woerdeman en heechlearaar Peter Essers rekonstruearret Fryslân DOK de útsûnderlike rol dy’t Evenhuis as fersetsman spile hat en hoe’t er dat mei syn libben bekeapje moast foar it fjoerpeloton yn Kamp Vught.   

Fryske doarpen

Der bestiet al jierren in byld dat ûnderdûke altyd yn it grutste geheim plakfûn. Ut dizze dokumintêrerige docht bliken dat, dat hielendal net it gefal wie. Benammen yn de Fryske doarpen wist it hiele doarp wol wêr’t de ûnderdûkers sieten. In soad minsken droegen harren stientsje by en dus ûntstie der in grutskalige yllegale ûnderdûkmaatskippij.

De Fryslân DOK dokumintêre ‘Underdûkt yn Fryslân, diel 2’ is op snein om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. De dokumintêre is ek te sjen op NPO 2 op sneon om 15.30 oere en snein om 13.00 oere.

(advertinsje)