LIVE: Folgje de autocrossers fan de Kings Battle yn Blauhús

Wa wurdt de King of Dirt? Oftewol: wa wint de Kings Battle yn Blauhús. Hjoed stjoert Omrop Fryslân dy autocrossraces fan 13.00 oant 18.00 oere live út op telefyzje. Dat alles is ek online te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Tusken de auto’s

It programma wurdt presintearre troch Miranda Werkman en it kommentaar komt fan Freark Wijma en Roelof Reitsma. Ferslachjouwer Jantine Weidenaar is de hiele dei tusken de minsken en de auto’s te finen om ferslach te dwaan fan al it barren op dy dei. Klik hjir foar de livestream.

Ingelsktalige stream

Ek is it mooglik om de races yn it bûtenlân te folgjen mei in Ingelsktalige stream fia Omropfryslan.nl/live. Jûns om 18.20 oere, en dêrnei alle oeren, is in kompilaasje fan de races te sjen. Yn dy útstjoering binne ûnder oare fjouwer portretten fan Kings Battle dielnimmers te sjen. Dy minsken wurde ek yn de races folge én natuerlik fertelle sy nei de race hoe’t it gie.

Omrop Fryslân caravanrace

In ûnderdiel fan de Kings Battle is de Omrop Fryslân caravanrace, wêrby’t de dielnimmers besykje om as langst mei de (hiele) caravan op it parkoers te riden. De winner nimt de Omrop-bokaal mei nei hûs en de bêste trije winne in barbecue.
De Kings Battle autocrossraces binne op tongersdei 27 april live fan 13.00 oant 18.00 oere op telefyzje te sjen. Jûns om 18.20 oere, en dêrnei alle oeren, is in kompilaasje hjirfan te sjen. Mear ynformaasje is te finen op Omropfryslan.nl/racing en Fac-autocross.nl.