Projekt skjin wetter foar Mozambyk ôfsletten

25 apr 2017 - 14:31

It Fryske projekt 'Schoon Water voor Mozambique' is nei sân jier offisjeel ôfsletten. It wie in inisjatyf fan de provinsje, yn gearwurking mei de helte fan de Fryske gemeenten en Wetterskip Fryslân. It wie bedoeld om minsken yn Mozambyk foar te ljochtsjen oer it belang fan skjin wetter.

Der is bygelyks foarljochting jûn oer de oanskaf fan goede húskes en hoe't je dy skjinhâlde. Der binne Mozambikanen traind om dat foarljochtingswurk oer te nimmen. En der binne bettere sanitêre foarsjenningen oanlein op mear as hûndert skoallen, dêr't goed 200.000 bern no gebrûk fan meitsje kinne.

Trefwurden: 
Mozambyk skjin wetter
(Advertinsje)
(Advertinsje)