Hawwe jo noch saken út de Twadde Wrâldoarloch op souder?

It Fries Verzetsmuseum yn Ljouwert docht mei oan de aksje 'NIET WEGGOOIEN!’ fan sechtjin Nederlânske oarlochs- en fersetsmusea en -ynstellingen. De aksje is rjochte op it behâld fan histoarysk materiaal út de Twadde Wrâldoarloch yn Nederlân en Nederlânsk-Ynje. Op 3 maaie kinne museumbesikers dy't noch bysûndere saken út dizze perioade hawwe, dizze sjen litte oan deskundigen. Ek kinne se de objekten skinke oan de dielnimmende musea. Op de webside www.actienietweggooien.nl kinne minsken harren skinking oanmelde.
De dielnimmende musea en ynstellingen wolle mei de aksje foarkomme dat saken út de oarlochsjierren dy't miskien net sa belangryk lykje, fuortsmiten wurde by in ferhuzing of it opromjen fan de souder. It giet dan bygelyks om brieven, foto's, dokuminten of oare dingen dy't in bysûnder byld jaan kinne fan it ferline.