Omrop TIP: Hoe't Joadske bern yn Fryslân telâne kamen

Yn de Twadde Wrâldoarloch fûnen tûzenen ûnderdûkers in feilich hinnekommen by Fryske famyljes: Joaden, alliearde piloaten, fersetsminsken en manlju dy’t wegeren om te wurkjen yn de Dútske oarlochsyndustry. Fryslân DOK rekonstruearret yn in trijelûk de ûnderdûkhelp oan dy minsken. Mei ek in bysûndere ûntdekking. Want fûn it ûnderdûken altyd wol yn it djipste geheim plak?

Kinderlijnen

De earste ôflevering fan it trijelûk fertelt it ferhaal oer de opset fan de ‘kinderlijnen’, de smokkelrûtes fan Joadske bern fan Amsterdam nei Fryslân. Trije dûmny’s yn Snits spylen dêrby in wichtige rol. Sy soargen elk yn harren eigen tsjerklike gemeente foar ûnderdûkadressen. En sa krigen mear as 80 Joadske bern, wêrfan’t de âlden hast yn alle gefallen deportearre waarden, ûnderdak yn Súdwest-Fryslân. Ien fan dy bern is de no 79-jierrige Lea Tropp, dy’t as 4-jierrich famke fan út Amsterdam by in bakkersfamylje yn Abbegea telâne kaam. Tegearre mei har ûnderdûksusters Klaske (84) en Annie (81) fertelt se oer dy tiid en hoe’t se noch altyd kontakt hawwe. ‘’Lea is ús suske, oars kinne wy it net sjen’’, sa sizze se.

Fryske doarpen

Der bestiet al jierren in byld dat it ûnderdûken altyd yn it grutste geheim plakfûn. Ut dizze dokumintêrerige docht bliken dat dat hielendal net it gefal wie. Benammen yn de Fryske doarpen wist it hiele doarp wol wêr’t de ûnderdûkers sieten. In soad minsken droegen harren stientsje by en dus ûntstie der in grutskalige yllegale ûnderdûkmaatskippij.
De Fryslân DOK dokumintêre ‘Underdûkt yn Fryslân, diel 1’ is op snein om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. De dokumintêre is ek te sjen op NPO 2 op sneon om 15.30 oere en snein om 13.00 oere.