Wrakstikken bommewerper Iselmar wurde ferparte

25 apr 2017 - 12:22

De wrakstikken fan de Vickers Wellington bommewerper dy't de ôfrûne simmer út de Iselmar helle binne, binne tiisdei troch de gemeente De Fryske Marren ferdield. Dat barde yn de loads fan bergingsbedriuw Leemans yn Vriezenveen yn Oerisel. Fertsjintwurdigers fan njoggen musea kamen dêr om in part fan de wrakstikken op te heljen. Der sitte opfallende stikken by, lykas in lâningsgestel, in propellor en in net-ûntplofte bom. It lâningsgestel waard ophelle troch it wrakkenmuseum fan Skylge. Sy sille it lâningsgestel in plak jaan by in Skylger bunker. Museum Mar en Klif yn Aldemardum naam in propellor fan it tastel mei.

De Aldheidkeamer op De Lemmer krijt nije wike in bom. Dy bom is folslein ûnskealik makke en prepeard troch de EOD. De gemeente De Fryske Marren is der wiis mei dat safolle musea belangstelling ha foar dielen fan de bommewerper. De musea krije it guod fan de gemeente yn brûklien. Se meie it net trochferkeapje. As in museum ophâldt te bestean, moatte de wrakstikken wer weromjûn wurde.

De Vickers Wellington bommewerper mei Poalske bemanning waard yn de nacht fan 8 op 9 maaie 1941 troch de Dútsers út de loft sketten. It tastel bedarre yn de Iselmar om in kilometer as fiif út de Fryske kust. Gemeente De Fryske Marren besleat ferline jier om it tastel boppe wetter te heljen fanwege de sânwinning op dy lokaasje. Dat waard dien troch in lyts stikje fan de Iselmar tydlik droech te lizzen mei help fan damwanden. Oan dy operaasje komt nije wike in ein. Dan wurdt in boek oer de bergingsoperaasje presintearre. Ek wurdt dan by de Hege Gerzen by Aldemardum, op in plak mei útsjoch op de bergingslokaasje, in monumint ûntbleate.

(Advertinsje)
(Advertinsje)