FNV: Gemeenten moatte sosjale wurkfoarsjenningen stypje

25 apr 2017 - 12:13

Gemeenten moatte ta de bûse om sosjale wurkfoarsjenningen yn stân te hâlden. As je wolle dat minsken mei in beheining yn kwetsbere posysjes in goed plak hawwe, dan moatte je dêr wat foar oer hawwe. Dat is de miening fan fakbûnsbestjoerder Gea Lotterman fan de FNV.

Sosjale wurkfoarsjenningen sitte yn swier waar. Troch besunigings fan it Ryk wurdt it hieltyd dreger de wurkfoarsjenningen yn de swarte sifers te hâlden. De gefolgen fan de partisipaasjewet wurde hieltyd dúdliker. Empatec kundige moandei oan dat it in ferlies draaid hat fan rom sân ton, wylst it bedriuw wol in better bedriuwsresultaat hie fan in heal miljoen.

Yn Fryslân Hjoed in petear mei direkteur Henk van der Zwaag fan Empatec. Fryslân Hjoed begjint om 17.00 oere.

(advertinsje)
(advertinsje)