Iepenloftswimbad Noardwâlde iepenet letter troch kâlde waar

25 apr 2017 - 11:30

It iepenloftswimbad De Dobbe yn Noardwâlde giet fanwege it kâlde waar wat letter iepen. It frisse waar nûget neffens de gemeente Weststellingwerf net út om te swimmen en dêrom giet it bad net kommende sneon al iepen, mar moandei. Neffens de ferwachtingen wurdt it nei it wykein better waar. Moandei kinne swimmers fan 10 oere moarns ôf teplak yn it bad oan de Elswei. Minsken kinne sneon tusken alve en twa oere wol harren abonneminten ophelje by it swimbad.

De iepenloftswimbaden De Klomp yn Wommels en De Haulewelle yn Haulerwyk binne ôfrûne sneon al iepengien

(advertinsje)
(advertinsje)