Weststellingwerf begjint wer mei bestriding ikeprosesjerûp

25 apr 2017 - 10:59

De gemeente Weststellingwerf begjint dizze wike wer mei de bestriding fan de ikeprosesjerûp. Dat bart op in biologyske en natuerfreonlike wize troch de ikebeammen te bespuitsjen mei ieltsjes. De ieltsjes ynfektearje de rûp, wêrtroch't dy deagiet. Op dizze manier wurde hast alle ikeprosesjerûpen oanpakt yn De Blesse, Nijeholtpea, Noardwâlde, Boyl en Steggerda.

Weststellingwerf pakt de bestriding fan de rûp al in pear jier sa oan en dat docht fertuten. De pleach wurdt hieltiten minder, sa meldt de gemeente. It probleem mei de ikeprosesjerûp is dat dy brânhierkes hat, dêr't minsken lêst fan krije kinne. Se kinne bygelyks jûkte, útslach, seare eagen en muoite mei it sykheljen krije.

(advertinsje)
(advertinsje)