Hielke Sybesma ynterim-foarsitter ried fan bestjoer Accell

25 apr 2017 - 10:35

Hielke Sybesma, de finansjele man fan de Accell Group, wurdt tiisdei beneamd ta ynterim-foarsitter fan de ried fan bestjoer fan de fytsefabrikant. Dat sil barre nei ôfrin fan de algemiene gearkomste fan oandielhâlders. Sybesma folget dêrmei René Takens op, dy't earder bekend makke dat hy opstapt. Takens bliuwt as adviseur belutsen by de Accell Group, dy't it haadkantoar op It Hearrenfean hat.

Sybesma sil syn nije taak kombinearje mei syn wurk as finansjeel direkteur. Der wurdt tiisdei ek praat oer it foarstel fan Pon Holdings, dat de Accell Group oernimme wol. De petearen tusken beide bedriuwen rinne noch. Accell is bekend is fan de merken Batavus en Koga, Pon is bekend fan Gazelle.

(advertinsje)
(advertinsje)