Fytser oanriden yn Damwâld

25 apr 2017 - 08:16
Foto: De Vries Media

In fytser is tiisdeitemoarn ferwûne rekke by in ûngelok op de Haadwei by Damwâld. De man waard oanriden troch in automobiliste, dy't fan de Koailoane ôf de Haadwei opride woe en dêrby nei alle gedachten de fytser te let seach. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs brocht. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok Damwâld
(Advertinsje)
(Advertinsje)