Drachtster oppakt nei ynbraak

25 apr 2017 - 08:10
Plysje - Foto: ANP

De plysje yn Drachten hat in 38-jierrige man út it plak oanhâlden, nei't de man yn in auto ynbrutsen hie. In tsjûge seach de man yn de Hooglandswyk yn de auto sitten en warskôge de plysje. De ynbrekker naaide út, mar mei help fan in goed sinjalemint koe de plysje him efkes letter op de Zwaai oanhâlde. De man sit fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
ynbraak Drachten
(advertinsje)
(advertinsje)