"75-plussers moatte ek genietsje kinne fan befrijingsfeest"

24 apr 2017 - 23:05

It befrijingsfestival yn Ljouwert, mei feest en muzyk, moat ek leuk wêze foar minsken dy't de oarloch sels meimakke ha. Dat fynt de organisaasje. Dêrom wurdt der op 5 maaie in moarnsbrochje holden foar minsken fan 75 jier en âlder.

Foar dizze minsken is befrijingsdei miskien noch wol belangriker as foar de rest fan ús, seit Judith Zijlstra fan de organisaasje. Se hat romte foar 500 minsken, en oant no ta hat se 200 oanmeldingen.

It moarnsbrochje foar 75 plussers wurdt dit jier foar de tredde kear holden. It is op 5 maaie, om 9 oere, by it Friesland College yn Ljouwert. Under oare Twarres sil optrede. Dy band is dit jier de Fryske ambassadeur fan de frijheid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)