Sosjale wurkfoarsjenner Empatec ferliest 7 ton yn goed jier

24 apr 2017 - 22:58

Sosjale wurkfoarsjenningsorganisaasje Empatec hat in goed jier draaid, wêryn't it bedriuwsresultaat mei in heal miljoen euro ferbettere is. Dochs hat de sosjale wurkfoarsjenning in negatyf finansjeel jier efter de rêch. Troch de besunigings fanút Den Haag hat Empatec in ferlies draaid fan 727.000 euro.

Dat bedrach wurdt opfongen troch it eigen fermogen. Empatec hat sa'n 10 miljoen euro op de bank. Minsken dy't fia Empatec oan it wurk binne, hoege net yn noed te sitten oer de takomst fan it bedriuw, seit direkteur Henk van der Zwaag. 

(advertinsje)
(advertinsje)