FIDEO: Hoe krige Henk de Jong De Graafschap wer op 'e rails?

Hy wûn krekt net de perioadetitel - dat die Cambuur -, mar trainer Henk de Jong hat syn klup De Graafschap wol wer op 'e rit krigen. De Jong skode moandeitejûn oan yn de studio fan Fryslân Hjoed en prate dêr oer syn âlde klup Cambuur en oer syn nije útdaging by De Graafschap yn Doetinchem. "Cambuur is op dit stuit de bêste klup fan de Jupiter League." It is neffens De Jong dan ek wis dat de Ljouwerters promovearje sille. "En as wy by De Graafschap ús pleatse foar de neikompetysje, dan gean we gekke dingen dwaan."