Net mear tanke yn Damwâld troch Sintrale As

24 apr 2017 - 20:02

It bemanne Gulf-tankstasjon yn Dâmwâld giet ticht. De eksploitanten sizze dat der gjin oare kar is, nei de komst fan de Sintrale As. Om't de nije dyk it trochgeande ferkear om it doarp hinne liedt, is it ferkear sa bot ôfnaam dat it ekonomysk net mear fol te hâlden is.

Neffens Fije Feenstra fan Doarpsbelang binne de measte Damwâldsters wol bliid mei de Sintrale As, om't úteinlik de foardielen grutter binne as de neidielen. Dat jildt yn alle gefallen foar Feenstra syn eigen ynternasjonale transportbedriuw. Syn bedriuw besparret troch de nije dyk in soad kilometers, wat trochwurket yn brânstof en oeren. De kâns is grut dat it Damwâldster tankstasjon troch de oaljemaatskippij ûnbemanne trochset wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)