FIDEO: Tsjerke fan Lego krijt seine fan pastoar

24 apr 2017 - 17:40

Pastoar Peter van der Weide fan Snits hat moandeitemiddei in tsjerke fan 30.000 Legostiennen ynsegene. De pastoar die dat op fersyk fan de organisaasje fan in spesjale lego-útstalling yn it modelspoarmuseum. De tsjerke is it hichtepunt fan de útstalling dy't dizze hiele wike te sjen is.

Neist de tsjerke is der ûnder oaren in grut tal auto's, oare weinen en in merke te sjen. Mar it measte wurk sit dúdlik yn dit gebou, dêr't yn totaal in jier oan boud is troch Leo Vermeulen út Grinslân. As de útstalling yn Snits dien is, sil de tsjerke nei alle gedachten noch op oare plakken yn it lân te sjen wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)