Dierebeskerming net wiis mei guozzebelied provinsje Fryslân

De Dierebeskerming is skokt troch it foarstel fan de provinsje om alle jierren goed 200.000 winterguozzen dea te sjitten. Op dy wize moat wat dien wurde oan de skea oan lânbougrûn. Neffens de dierebeskerming stelt de provinsje de lânbou en it jild sintraal, mar giet dy foarby oan it wolwêzen fan de bisten en de natuer yn Fryslân. De guozzen komme hjir al iuwen en ha ferlet fan Nederlân om te oerwinterjen en út te rêsten sadat se fit werom kinne nei har briedgebieten yn it noarden fan Europa, seit de dierebeskerming.