Willem Smink fan NHL makket romte foar nije bestjoerder

24 apr 2017 - 16:58
NHL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Foarsitter Willem Smink fan it kolleezje fan bestjoer fan hegeskoalle NHL yn Ljouwert hâldt nei de simmer op. Smink hat njoggen jier oan de lieding stien fan de NHL. Hy seit dat it tiid foar him wurdt om fuort te gean, no't der in fúzje kommendewei is mei hegeskoalle Stenden yn Ljouwert. Dêr hat Smink him mei foar ynset. Hy wol no romte meitsje foar in nije foarsitter foar de nije hegeskoalle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)