Boer Olke: "Ik haw de leafde fûn en dat kin net better!"

24 apr 2017 - 16:48

Fryske boer om utens Olke Jongsma út Texas, dy't dit seizoen meidie oan Boer Zoekt Vrouw Internationaal hat lang om let de leafde fûn. "Dat is hartstikke moai, it kin net better." It waard úteinlik net ien fan de trije froulju dy't in wike lang by de Fryske boer om utens útfanhuzen. De Fryske Alberdien besleat sels nei hûs te gean. En Sandra, mei wa't boer Olke op citytrip gie, stelde oan de ein fan it programma fêst dat se net de flinters fielde dy't se nedich hie om foar Olke werom nei Texas te kommen.

Tige spitich foar Olke. Mar dy liet de moed fuort net yn 'e skuon sakje, fertelt er moandeitemiddei yn radioprogramma De middei fan Fryslân op Omrop Fryslân. "Ik hie ek in brief krigen fan in frou hjir út 'e buert." Dy brief luts yn in earder stadium al de oandacht fan Olke, mar hy lei de brief dochs oan de kant, om't er foar it programma Nederlânske froulju kieze woe. "Ik koe har hielendal net, mar doe't we inoar moeten bliek it fuort hiel goed te klikken."

It is ûnderwylst al hiel serieus tusken boer Olke en Karen, dy't oarspronklik fan Súd-Afrika komt. (Se hat in Nederlânske heit en in Súd-Afrikaanske mem.) En dan is it noch in hiele toer om dat lok hielendal noch stil hâlde te moatten oant it programma dien is. "It produksjeteam fan BZV en myn susters wisten it wol, mar foar de rest haw ik ús relaasje foar eltsenien stil hâlde moatten. Ik moast oeral om tinke, dat it is in hiele opluchting dat we no foar ús relaasje útkomme kinne."

Olke sjocht mei in goed gefoel werom op it telefyzjeprogramma. "Ik bin delsetten sa't ik bin en ik haw der boppedat in hiel soad fan leard. Ik bin folle frijer wurden." Wannear't Olke en syn Karen trouwe sil, wit er noch net, seit er laitsjend. Want as Olke wat leard hat fan syn Boer Zoekt Vrouw-avontoer, dan is it wol dat er de froulju net te bot op de hûd sitte moat oft it al tiid is foar de folgjende stap.

(Advertinsje)
(Advertinsje)