Dobse wol yn petear oer sjalets op Boomhiemke

Projektûntwikkeler Leon Dobse fan Duynpark Boomhiemke op It Amelân wol sa gau as mooglik yn oerlis mei de gemeente om sa de sitewaasje op te lossen dy't ûntstien is nei't de bou fan sjalets op dat fakânsjepark stillein is. De rjochter hat sein dat dy boustop gewoan neffens de regels wie.
De projektûntwikkeler seit dat de sjalets net oars binne as steancaravans dy't op oare plakken op it eilân steane. Hy wol yn oerlis mei de gemeente in wize betinke om de sjalets wol te pleatsen.
Der hat in protte te dwaan west om de nije sjalets op Boomhiemke. Eigeners fan mear as 100 steancaravans dy't faak al jierrenlang nei It Amelân kamen, moasten op syk nei in oar plakje, om romte foar de sjalets te meitsjen. Dêr wiene de measte caravaneigeners min oer te sprekken.

Dobse hie hoop dat de nije sjalets der foar de maaiefakânsje stean soene. Dat is net slagge. No hopet er dat se klear binne foardat de simmer echt úteinset, sa seit er.