Vermilion wol proefboarring dwaan by gasfjild Rottum

(stockfoto) © Omrop Fryslân
Gaswinbedriuw Vermilion wol in proefboarring dwaan yn it súdwesten fan It Hearrenfean. It giet om it gasfjild Rottum. Dat leit foar it grutste part ûnder de gemeente De Fryske Marren. Vermilion wol in boarlokaasje oanlizze oan de Kooiwei bij Nijlemmer yn Weststellingwerf. It bedriuw wol no earst in fergunning oanfreegje.
As alles neffens de planning fan Vermilion ferrint, wurdt takom jier maitiid mei de proefboarring úteinset. De gemeente De Fryske Marren hat earder al sein dat dy net meiwurkje wol oan proefboarringen of gaswinning, mar it is dreech om dat tsjin te hâlden, om't it Ryk úteinlik beslút.