Kjeld hâldt campinggast thús

24 apr 2017 - 15:27

De kjeld hâldt de campinggasten thús. Troch de lege temperatueren komme der yn dizze maaiefakânsje kwalik rekreanten nei de Fryske campings. Njonken in pear echte 'die-hards', binne it benammen de gasten mei in fêst plak dy't op de campings te finen binne.

Camping 'Mounewetter' yn Wytmarsum bygelyks hat romte foar sa'n 800 gasten, mar dat hâldt no mei sa'n hûndert wol op. Foar Pinkster is it rekreaasjebedriuw lykwols al hast fol boekt, mar dat hat benammen te krijen mei de fytsalvestêdetocht dy't de start en finish yn Boalsert hat.

Trefwurden: 
camping toerisme
(advertinsje)
(advertinsje)