Rjochter jout gemeente It Amelân gelyk yn boustop Boomhiemke

24 apr 2017 - 15:05

De gemeente It Amelân hat terjochte in boustop oplein op de sjalets dy't de Roompot Group BV bouwe wol op fakânsjepark Boomhiemke by Hollum. Roompot wie nei de rjochter stapt om de boustop oan te fjochtsjen, mar krige gjin gelyk. Roompot wie al begûn mei it grûnwurk, mar de gemeente It Amelân stuts der in stokje foar, omdat sjalets net yn de kampearbestimming fan it terrein passe.

De projektûntwikkeler is it der net mei iens. Dy seit dat de sjalets eins lúkse steancaravans binne dêr't de tsjillen ôfhelle binne, omdat se oars fuortrustkje. De rjochter wiisde dy útlis ôf. Dy sei dat in steancaravan foar ferfier fuortendaliks efter in auto keppele kinne wurde moat. En dêr is hjir gjin sprake fan. 

(advertinsje)
(advertinsje)