Auto yn de sleat nei ûngelok Koatstertille

24 apr 2017 - 14:56
Ien fan de auto's is by it ûngelok yn it wetter bedarre - Foto: De Vries Media

De helptsjinsten hawwe moandeitemiddei dwaande west mei in ûngelok tusken twa auto's yn Koatstertille. It ûngelok barde op de Tillewei om healwei trijen. Ien fan de auto's is by it ûngelok yn de sleat bedarre. Neffens de plysje wie ien fan de slachtoffers min of sels hielendal net oansprekber. Der waard in traumahelikopter oproppen. De twa slachtoffers binne oerbrocht nei it sikehûs. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok Koatstertille
(Advertinsje)
(Advertinsje)