Wurkstraf foar bedriigjen azc meiwurker

24 apr 2017 - 14:55

In âld-bewenner fan it azc yn Balk hat in wurkstraf fan tweintich oeren krigen, omdat er in meiwurkster fan it asylsikerssintrum mei in ierappelskylmeske bedrige hie. De Syriër hie te hearren krigen dat er nei in oare keamer yn it azc ferhúzje moast. It noaske him net dat er dy keamer diele moast mei in groep Marokkanen. Hij helle doe in mes út de bûse en makke in beweging yn de rjochting fan it slachtoffer. Neffens de fertochte woe er sjen litte wat der gebeure soe as er mei Marokkanen op ien keamer komme soe. De offisier fan justysje leaude him net en easke fjirtich oeren wurkstraf. De rjochter hâlde der by de straf rekken mei dat de fertochte flak foar it ynsidint in ferfelende meidieling krigen hie. De man wennet yntusken op 'e Jouwer.
 

Trefwurden: 
justysje plysje Balk AZC
(advertinsje)
(advertinsje)