Kin waadplestik recycele wurde?

24 apr 2017 - 14:29

Offalferwurkingsbedriuw Suez ûndersiket it recycljen fan plestik út de Waadsee. Op it Waad bedarret in soart plestik ôffal. Kanalen, rivieren en de Iselmar wetterje ôf op it Waad, en boppe de eilannen is in drokke farrûte. Fan beide kanten ôf komt plestik it Waadgebiet yn. Ofrûne freed is plestik sammele foar in proef op de grutte sânplaat it Rif tusken Skier en it Amelân troch stichting Doe eens Wad.

Nienke Dijkstra fan de stichting fjochtet al jierren tsjin it plestik probleem op it Waad. Neffens har is it dreech om partijen hjirby te belûken “Maar aflgelopen jaar begint het te komen dat mensen het zien, want mensen in het veld zien het ook”, fertelt se. “Niemand weet echt wat we er mee moeten en daardoor lijken mensen ook bang om het aan te pakken”. De gearwurking mei Suez is dan ek goed nijs. It bedriuw makke yn Frankryk fan strânplestik shampoo flessen. Wat der krekt mooglik is mei it plestik fan it Waad wurdt no ûndersocht.

Net wat it liket

It Rif is in populêr plakje foar fûgels, en op it earste gesicht liket de plaat skjin. Dochs is der in protte te finen. Lyts guod lykas balonnen, fisknetten en snobbersguodpapierkes. Mar ek grutte saken lykas stofsûgerslangen en sels in stik fan in F16. Pykjes reitsje ferstikt yn it plestik en fûgels frette it op en kinne dêrtroch siik wurde of deagean. In oar grut probleem mei plestik is dat it nea ferdwynt. Plestik wurdt allinnich mar lytser, oant it yn 'e magen fan fisken bedarret en dan úteinlik by ús op 'e panne.

Freed is der mear as hûndert kilo plestik fûn op it Rif.

In wiidweidige radioreportaazje oer de tochten nei It Rif is ynkoarten te hearren yn Buro de Vries en is op telefyzje te sjen yn it berneprogramma Tsjek. De tochten wurde organisearre troch Doe eens Wad.


 
 

Trefwurden: 
Waadgebiet plestik
(advertinsje)