Audiofrysk komt mei seis berneboeken op papier

24 apr 2017 - 13:52
Audiofrysk komt no ek mei berneboeken op papier

Utjouwerij Audiofrysk bringt foar it earst yn syn bestean papieren boeken op de merk. It giet om in rige fan seis berneboeken. Se binne ornearre foar bern dy't krekt lêze kinne. Se binne op it nivo skreaun fan bern dy't it lêzen sels krekt yn de macht hawwe.

Audiofrysk komt mei de boeken omdat der sûnt de jierren njoggentich eins gjin boeken mear skreaun binne foar begjinnende lêzers. Audiofrysk bringt ornaris allinnich Frysktalige harkboeken op de merk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)