"Garânsjefûns moat foarstellings KH rêde"

24 apr 2017 - 12:05

In garânsjefûns mei dêryn hûnderttûzenen euro's moat fiif grutte produksjes fan Ljouwert Kulturele Haadstêd feilichstelle. De inisjatyfnimmers hawwe in brânbrief stjoerd oan de provinsje en de gemeente Ljouwert mei dêryn de driuwende oprop foar sa'n garânsjefûns. Komt dat der net, dan wurde de foarstellingen soberder of kinne se hielendal net trochgean. It giet ûnder oare om de opera Aïda, fan opera Spanga en om it spektakelstik Stormruiter fan de stichting Faderpaard.

Foarsitter Tjisse Wallendal fan dizze stichting wol sa gau as mooglik om tafel mei de provinsje en de gemeente Ljouwert. Yn it oerlis moat besjoen wurde hoefolle jild der krekt yn it garânsjefûns komme moat. Neffens Wallendal moat der op hiel koarte termyn oerlein wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)