Iris út Ljouwert wie op it feest fan 'nije presidint' Macron

Studinte Iris Bos út Ljouwert wie sneintejûn yn Parys op de partijbyienkomst fan 'En Marche!' fan kandidaat Emmanuel Macron, doe't de útslach fan de earste ronde fan de Frânske presidintsferkiezingen bekend makke waard. "Het was één grote euforie. Een enorm feest. Een historische uitslag ook, want voor het eerst doet geen van de gevestigde partijen mee aan de tweede ronde van de presidentsverkiezingen.

Nei de earste ronde fan de ferkiezingen is helder, dat de ekstreem-rjochtse Marine Le Pen fan it Front National it yn de folgjende ronde opnimme moat tsjin de links-liberale Emmanuel Macron. Iris Bos folget de ferkiezingen yn Frankryk fanwege har stúdzje. Se is der fan oertsjûge dat Marcron de folgjende presidint fan Frankryk wurdt. "Hij wordt nu al gesteund door de socialisten en de gaullisten, want die willen vooral voorkomen dat Marine Le Pen president wordt."

Bos fûn de earste ronde fan de presidintsferkiezingen bysûnder spannend. Wichtich ferskil mei ferkiezingen yn Nederlân is dat der yn Frankryk yn de lêste dagen foar de stimdei net kampanjefierd wurde mei.