Totaal tal misdriuwen yn Fryslân omleech gien

24 apr 2017 - 11:15

It tal misdriuwen yn Fryslân is yn 2016 mei 11% nei ûnderen gien yn fergeliking mei in jier earder. Dit is bekend makke op in parsekonferinsje oer it Regionaal Beleidsplan Veiligheid Noord Nederland. Ut it jierferslach docht fierder bliken dat ek it tal geweldmisdriuwen omleech gie, útsein it geweld tsjin plysjeminsken en minsken mei in publike taak.

It tal geweldsmisdriuwen tsjin plysjeminsken gie yn Fryslân bygelyks mei 22% omheech. Yn Fryslân, Grinslân en Drinte is de stiging sels noch folle grutter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)