Earste 'bêta-sylkamp' fan start by sylskoalle Pean

24 apr 2017 - 08:55

Foar de measte jongeren is it fakânsje. Mar net foar elkenien. Want yn Nes krijt in groep learlingen fan it fuortset ûnderwiis noch de hiele wike les. Net op skoalle, mar op de sylskoalle. Moarns stiet der wiskunde op it programma, of in oar bêta-fak, en middeis leare se it silen. It is foar it earst dat sylskoalle Pean soks organisearret yn de maaiefakânsje. It is in útkomst foar jongeren dy't har tariede op de eineksamens of oars wol wat stipe brûke kinne mei de bêta-fakken oan de ein fan it skoaljier, mar dochs ek graach it wetter op wolle.

De bylessen wiskunde en oare bêtafakken wurde fersoarge troch profesjonele dosinten. Neffens Christophe Meijer fan sylskoalle Pean is sile en les yn bêtafakken 'in hiele goeie kombinaasje'.

Trefwurden: 
sylskoalle Pean bêta-sylkamp
(Advertinsje)
(Advertinsje)