Kollum: Willem Alexander sjocht se fleanen

24 apr 2017 - 08:17

"Tongersdei is it Keningsdei en diskear is dat in ekstra feestlike dei, want ús Willem-Alexander wurdt fyftich jier. In feestje dat fansels net sûnder de nedige poespas foarby gean kin. Sa waard der yn opdracht fan it Keninklik Bûn fan Oranjeferienings in nij Keningsliet skreaun. En lykas it eardere keningsliet út 2013 mei de histoaryske sin: ‘De dag die je wist dat zou komen’ is ek dit liet wer in poëtysk pareltsje fan heechsteand nivo. Op twitter makke it bûn ôfrûne wike it begjin fan it liet stikem al bekend: Lang zal hij leven, gelukkig en goed. Dan doen wij ook mee met wat durf en wat moed. Hoe we ook onderling allen verschillen. Ieder kan helpen bij wat wij graag willen.

Prachtich, sa’n liet. Ik snap wol dat Willem-Alexander himsels stikem ek gewoan trakteart op in echt kado. Dat die ús mem froeger ek. Dy helle stikem in saunabon foar harsels, sadat se njonken ús brike sels yn elkoar frommele jiskepantsjes en fotolistjes ek noch wat krige dêr’t se daadwerklik wat mei koe. En sa socht Willem-Alexander njonken it yn elkoar frommele keningsliet dizze moanne ek in leuk aardichheidsje foar himsels út. In nije Boeing 737 Business Jet om krekt te wêzen. Kosten: 89 miljoen.

Begjin april makke minister Schultz fan Ynfrastruktuer bekend dat der in Amerikaanske Boeing oanskaft wurde sil as nij regearingsfleantúch, dêr’t ek de kening mei fleane sil. Dêrfoar moast der fansels in oanbesteging komme. Uteinlik wie der mar ien serieuze kandidaat, skreau de minister yn har brief oan de Twadde Keamer. En sadwaande waarden der eksklusive ûnderhannelings holden mei Boeing. Ferline jier waard al bekend dat ús kening drok dwaande is mei fleanlessen om aanst sels yn de cockpit te sitten fan syn nije jet. Hy krige fleanlessen yn - jawol - in Boeing 737. Mar, sei de Rijksvoorlichtingsdienst doe mei klam, dat hie neat te krijen mei de kar foar it nije fleantúch. En wichtiger nog: it fleantúch is net allinnich bedoeld foar de kening, mar sil benammen troch de ministers brûkt wurde.

Hoe’t it ek krekt sit: ik fyn it idioat folle jild. Jild en de Oranjes: it bliuwt sawiesa in dubieuze kwestje. Freegje minsken nei it keningshûs en it petear draait al gau út op in diskusje oer sinten. Kinst foar- of tsjinstanner wêze: ien ding is wis. Wy betelje ús blau oan ús blauwbloedjes. Opknappe fan de Gouden Koets: 1,2 miljoen euro. Renovaasje fan Paleis Huis ten Bosch: 35 miljoen. Bûsjild foar Amalia: oardel miljoen yn it jier. Nij servies foar de Oranjes: ek oardel miljoen. En sa kin ik noch wol efkes trochgean. Tel alle bedragen by elkoar op en skrikst dy de pleuris. Heech tiid om op ‘e remme te traapjen. Seker no’t der drok ûnderhannele wurdt oer it bûsjild fan it nij te foarmjen kabinet. It liket my goed om de hân wat op ‘e knip te hâlden as it om ús Keningshûs giet. En seker no’t Willem-Alexander fyftich wurden is. Want dat is no ien kear in gefaarlike leeftyd.

Us heit kocht doe’t er fyftich waard in sylboat. Hy wie noait op it wetter te finen, koe amper sile, mar dochs moast en soe der in boat komme. It ding blykte sa lek as in gatsjepanne. Nei’t er datselde jier ek in motor oanskafte sûnder dat er dêrfoar überhaupt it rydbewiis hie, trape ús mem op ‘e remme. Ho mar efkes. En sa moat dat by ús kening ek. De bêste man stiet oan it begjin fan syn midlife crisis en hat al it jild om hannen om te keapjen wat er wol. Levensgefaarlik. Litte we him dêrom in bytsje yn beskerming nimme, foar’t er aanst mei in tattoo yn ‘e nekke omrint en der fantroch giet mei in blondine fan tweintich jier jonger. The sky is the limit, mar wy moatte foarkomme dat ús Koninklijke Hoogheid se aanst echt fleanen sjocht."

Nynke van der Zee fan Aldegea Smellingerlân is freelance-tekstskriuwer foar ferskate Fryske media en wurket dêrneist by de NHL. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

(advertinsje)