Pizzakoerier ferwûne by oanriding mei auto yn Ljouwert

23 apr 2017 - 21:42
Foto: 112Fryslân, Edwin Tjallings

In pizzakoerier is sneintejûn ferwûne rekke yn Ljouwert. De brommerrider waard rekke troch in auto dy't út in sydstrjitte wei de paralleldyk fan de Valeriusstrjitte op draaide. De bestjoerster fan de auto hie gjin goed sicht troch in parkearde auto op de stoep. Op de paralleldyk jildt twarjochtingferkear foar fytsers en brommers.

De auto koe de brommer fan de pizzakoerier net mear ûntwike en klapte der mei de sydkant tsjinoan. De jonge pizzakoerier is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
pizzakoerier ûngelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)