Eksposysje oer Gerrit Rypma en Gerard Reve yn Blauhús

Gerrit Rypma
Yn Blauhús wurdt oare wike freed in útstalling iepene oer oarlochsslachtoffer Gerrit Rypma en Gerard Reve. Lykas bekend wenne de skriuwer fan 1964 oant 1971 yn buordoarp Greonterp. Hy skreau dêr yn 1969 syn ferneamde wurk 'Nader tot u' mei dêryn it gedicht 'Graf te Blauwhuis'. Dat giet oer de 18-jierrige Gerrit Rypma dy't yn 1945 by in razzia troch de Dútsers deasketten waard. De útstalling yn kafee De Freonskip toant it tryste ferhaal fan Rypma. Der binne ek foto's te sjen fan de tiid 1964-1971 doe't Gerard Reve yn Greonterp wenne en wurke.
Reve syn freonen fan doe, Teigetje en Woelrat, oftewol Willem van Albada en Henk van Manen sille de útstalling 'Graf te Blauwhuis' iepenje. De eksposysje is organisearre troch de Gerben Rypma Stifting. Gerben Rypma wie in skilder, dichter en boere-arbeider.
Graf te Blauwhuis
(voor buurvrouw H., te G.)
Hij rende weg, maar ontkwam niet,
en werd getroffen, en stierf, achttien jaar oud.
Een strijdbaar opschrift roept van alles,
maar uit het bruin geëmaljeerd portret
kijkt een bedrukt en stil gezicht.
Een kind nog. Dag lieve jongen.
Gij, die Koning zijt, dit en dat, wat niet al,
ja ja, kom er eens om,
Gij weet waarom het is, ik niet.
Dat Koninkrijk van U, weet U wel, wordt dat nog wat?
Gerard Reve (1923-2006), út ' Nader tot u'